KNKB pelote kompetysje dames

De Mantgumer froulju dogge dit jier foar it earst mei oan de KNKB kompetysje fan it peloten. Der doche 7 frouljuteams mei, welke ferdeelt binne yn twa poules. Yn poule A keatse Winsum, Boazum en Mantgum. Yn poule B striide Easterein, Easterlittens, Deinum en Weidum om in plakje yn de (krús)finales. De earste twa ut de poules gean troch, Oer poule B ha wy net in soad mei krigen, mar poule A witte wy alles oer te fertellen.

De earste wedstryd foar Mantgum wie op 16 augustus yn Boazum tsjin Boazum. De federaasje Snits kin wat oare spulrigels en hawwe oare fjildofmjittingen, mar dit koe de pret foar Mantgum net bedjerre. Ondanks wat fouten oan de kant fan Mantgum waard disse party relatief sjoen makkelik wun. Mantgum wie mei namme op de 6 – 6 folle trefsekerder en hie op en ut krekt wat mear oer. Utslach: 8 – 3 foar Mantgum. Wat dus net ferwacht wie dat it altyd goed prestearjende Winsum de wike derop fan Boazum ferlieze soe. It hoe en wat witte we hjir net presies fan, mar de stand wie 8 – 5 foar Boazum. Nei twa rûnen wie der foar alletrije dus noch wol kans op trochgean nei de finales op 18 september. Foar Mantgum fan belang om te winnen, om it earste plakje yn de poule fest te stellen. Neidat de earsten fan Ilse en Baukje pakt waarden (2-0) gie it earst fan Maaike ferlen, waard dat fan Joke wer wun en gie it fan Elaine ferlern (3-2). Dernei pakte Margriet Bakker har earst foar Winsum, pakte Baukje it foar Mantgum, pakte Baukje (de Vries) it foar Winsum, Joke foar Mantgum en Anke (ynwissele foar Elaine) foar Mantgum (6-4). Winsum liet sich net kinne en pakte de twa earsten dernei (6-6) mei de opslach fan Maaike, Joke en Anke yn it foarútsjoch. It earst fan Maaike gie ferlern (6-7) en yn it earst fan Joke wie in hiel dubieuze bal. Winsum woe gjin punten ferlieze en joech de fout net ta. Dit ta grutte untstellenis fan de Mantgumer froulju. Dat punt hie Winsum kriegen, mar dit hat se ek de wedstryd kosse, want de Mantgumer dames wienen toen dermate baarnd om te winnen dat er neat mear ferlern gean koe. De froulju kamen noch op de dea, mar troch de keats te behalden kamen se op 7-7. Toen de opslach fan Anke as fiifde frou, dit koe al hast net mear misgean. In pear moaie boppeslagen yn it letste earst, sadat se mei 6 – 0 nei de opslach ta gienen. In gie noch twa kear mis, mar op 6 – 4 sloech Joke de bal formidabel boppe en wie disse moaie partij winnend ofslúten! Op 18 september binne de finales. Hjir sille ek de Mantgumer mannen oan meidwaan. Die binne as earste eindige yn de C-poule en sille dus ek striide om in plakje by de earsten.

Geplaatst op 31 August 2010